Wenboat Potmarge oanstutsen

26 apr 2009 - 16:52

Yn Ljouwert is dit wykein in wenboat oan de Potmarge yn 'e brân stutsen. Dat tinkt de plysje alteast. Mooglik is in groepke jongeren ferantwurdlik foar de brân, dy't yn de nacht fan sneon op snein ûntstie.

Tsjûgen seagen koart dêrnei in groep jongeren fuortdraven. Plysjes hawwe noch besocht se op te spoaren, mar dat is net slagge. De brânwacht hat it fjoer útmakke. De boat rûn in soad skea op.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)