Wenbelied âlderein yn Fryslân ûnder de politike loep

02 mrt 2015 - 23:14

It wenbelied foar âlderein yn Fryslân moat konkreter en útdaagjender. De provinsje moat partijen ek folle mear stimulearje om kreatyf te wêzen as it giet om it meitsjen fan plannen foar de bou fan dit soarte wenten. Dat seit Renske Keijzer fan Bureau Rho, adviseurs voor Leefruimte.

Keijzer wie ien fan de ynlieders by in debat moandeitejûn yn Ljouwert oer senioaren en wenjen yn Fryslân. Neffens har is yn it ferline fierstente folle stjoerd troch de provinsje en moat dat folle mear rjochte wêze op de klant.

De âldere fan no bliuwt op in plak dêr't er him goed fielt mei foarsjennings yn de buert. Hy lit him net mear earme hinne stjoere. It betsjut dat de polityk romte meitsje moat foar dit soarte fan winsken.

De VVD fynt dat op plakken dêr't fersoargingstehuzen sloopt wurde, der oare wenten en foarsjennings foar weromkomme moatte. De PvdA fynt dat it makliker wurde moat om foarsjennings by it hûs te bouwen.

Wenningboukorporaasjes moatte ek wer mear ynvestearje yn de bou fan saneamde 'levensloopbestendige' wenten. D66 fynt dat de provinsje sjen moat nei bouplannen út de doarpen sels. Dat jout fuort oan dat der echt fraach is nei wenten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)