Wenbûlevaar Snits iepene

01 des 2011 - 20:16

Nei jierren fan striid is tongersdei de earste winkel fan de nije wenbûlevaar yn Snits iepen gien. Sneon folget de twadde en foar de krystdagen binne der nochris tolve winkels dy't offisjeel de doarren iepenje. In miljoeneprojekt dat in soad ekstra minsken nei de stêd lûke moat.

Lang like it der op dat de wenbûlevaar oan de râne fan de stêd der net komme soe om't de ûndernimmers yn de binnenstêd benaud wiene foar konkurrinsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)