Welzijn Centraal ek op skoalle

03 okt 2013 - 17:19

Welzijn Centraal, it gemeenteorgaan foar sosjale bystân yn Ljouwert, is tsjintwurdich ek aktyf op skoallen. Dy kinne helpfragen oer bern dy't yn de swierrichheden sitte streekrjocht by in sosjaal wykteam melde. Dat komt dan op skoalle en siket fierder út hokker help der nedich is.

Earder moasten skoallen dat sels betinke. Welzijn Centraal wit net oft der tsjintwurdich mear bern yn de knipe reitsje fanwege de krisis en tanimmende earmoed. Dêr binne gjin sifers oer bekend.

Finansjele soargen thús is wol ien fan de problemen dêr't bern troch yn de knipe komme. Mar alkoholisme, skieding en allerhande oare saken kinne ek de oarsaak wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)