Wellnessbeurs yn Ljouwert

31 okt 2009 - 15:15
  • Spesjale matrassen
  • In hollemassaazje

Wellness is yn. De stress fan de hiele wike fan je ôfglydzje litte yn de sauna of mei in massaazje: hieltyd mear minsken kinne net mear sûnder. Yn it WTC Expo yn Ljouwert is dêrom dit wykein in grutte sûnens- en wellnessbeurs.

Der is fan alles te finen op it mêd fan sûner libje. Sa binne der oanbieders fan fitaminepillen, fysioterapeuten en sporters. Mar der binne ek bubbelbaden fan 5000 euro of massaazjestuollen fan 7500 euro te keap.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)