Wellington gjin 'gigant'

20 nov 2010 - 22:06

Wellington, de draver fan eigener Jitse van der Veen, koe it sneontejûn net oprêde yn de Prijs der Giganten op Victoria Park yn Wolvegea. De grutte favoryt, mei Hugo Langeweg jr. op de sulky, waard yn de lêste bocht en it lêste rjochte ein troch in grut part fan it ynternasjonale fjild ynhelle.

De Belch Nico d'Haenens mei it hynder Norginio wûn dizze grutte koers. Hollys Boy mei Thomas Panschow út Dútslân waard twadde, Sweet Case mei Arnold Mollema tredde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)