Wellens wint kross Surhústerfean

02 jan 2004 - 00:00

De tsiende edysje fan de sintrumkross yn Surhústerfean is wûn troch Bart Wellens. Fan de start ôf bepaalde de wrâldkampioen it tempo. Hy krige selskip fan trijefâldich wrâldkampioen Mario de Klerk, nasjonaal kampioen Richard Groenendaal en de Tsjech Peter Dlask.

De lêste moast al gau belies jaan en heakke ôf. De trije oaren bleaunen by inoar. Wellens krige nei de lêste bocht in pear meter foarsprong en wûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)