Welkom helpt B'him út 'e brân

03 feb 2009 - 21:57

Boarnsterhim kin syn finansjele problemen flink lytser meitsje, troch in deal fan tsien miljoen euro mei wenningboukorporaasje Welkom. Yn ruil foar de miljoenen krijt Welkom in oantal stikken bougrûn, yn sân doarpen yn de gemeente. Mei de sinten dy't dat opsmyt wol Boarnsterhim ek de nije brede skoallen yn Grou en Akkrum betelje. De deal mei Welkom is al betocht foardat der grutte diskusje ûntstie oer wentebou by de brede skoalle yn Akkrum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)