Welcome to the Village fol

19 jul 2014 - 17:00

It popfestival Welcome to the Village yn it rekreaasjegebiet De Griene Stjer by Ljouwert is sneon folslein útferkocht. De 4000 wykeinkaarten wiene earder fersein; no binne ek de 500 deikaarten allegear oer de toanbank gien. Freed wie de earste dei fan Welcome to the Village. Doe wiene ek sa goed as alle kaartsjes ferkocht.

Foar snein binne der noch in pear kaarten oer. Op Welcome to the Village trede dit wykein hast 100 bands op, út binnen- en bûtenlân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)