Wek by iisklup Nijlemmer

29 nov 2010 - 10:18

Fryske iisklups binne op it stuit drok dwaande om te sjen oft der al reedriden wurde kin. Alle jierren is der in kompetysje tusken ferskate plakken oer wa't it earst in koartebaanwedstriid hâlde kin.

Iisferiening Lyts Begjin fan De Ulesprong en de iisferiening Nijlemmer skriuwe faak as earste in wedstryd út. Yn Nijlemmer wurdt tiisdei net reedriden. Dêr sit in wek yn it iis. It bestjoer fan de iisbaan fan De Ulesprong wit it noch net.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)