Weiwurker te hurd op A32

09 nov 2013 - 10:46

In weiwurker hat freedtejûn mei 150 kilometer yn de oere by syn kollega's del riden dy't op de A32 by Grou oan it wurk wienen. De man, in 48-jierrige Snitser, waard trappearre by in laserkontrôle. Hy moast syn rydbewiis ynleverje. Op it plak fan de wurksumheden mei net hurder riden wurde as 70 kilometer yn de oere.

In 46-jierrige ynwenner fan Wergea ried ek te hurd by de plysjekontrôle del. Hy gong 130 kilometer yn de oere.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)