Weissensee-reedriderij ôfsein

23 jan 2007 - 12:26
  • De Weissensee yn 2005

Alle eveneminten op it iis fan 'e Weissensee binne oant en mei sneon ôfsein. De kwaliteit fan it iis is striemin troch grutte sniefal. Troch de swiere sniemassa dy't op it iis drukt, kinne de grutte, swiere masines net op it iis komme om de snie oan kant te skowen.

Yn 19 jier is it noch noait bard dat der troch in minne iiskwaliteit net riden wurde kin. De organisaasje hopet dat nije wike wer riden wurde kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)