Weiland Games yn Folsgeare

21 okt 2008 - 21:51

De eardere Sterkste Man fan Nederlân, Wout Zijlstra, organisearret no sneon in Highland Games foar begjinners op it lân by syn boerepleats yn Folsgeare.

Goed tachtich minsken hawwe har al foar dizze wedstriid opjûn. Dêrby binne sa'n tweintich froulju. Zijlstra wol mei dizze Weiland Games, sa't er it evenemint neamt, minsken entûsjast meitsje foar de sport. Ek hopet er nije dielnimmers te finen foar oare wedstriden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)