Weidum en Littens winne

24 jun 2008 - 21:58
  • Easterein tsjin Easterlittens

Weidum en Easterlittens binne de earste twa heale finalisten op it Iepen Frysk Kampioenskip Jeu_de_Pelote. Weidum wûn tiisdeitejûn yn in spannende en moaie partij fan de fêste priiswinner Reduzum. It waard 7-6 en 40-40.

Easterlittens hie yn eigen doarp gjin muoite mei Easterein: 8-3. Woansdeitejûn komme de beide oare heale finalisten út de partijen tusken Winsum en Ljouwert en titelferdigener Berltsum tsjin Wytmarsum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)