Weidenaar's woarsten bekroand

12 nov 2003 - 00:00

Weidenaar's woarsten binne yn de prizen fallen. Op in slachtersfakbeurs yn Amsterdam waarden ferskate produkten fan it fleisbedriuw út Nijewier bekroand mei goud. Willem Feenstra, learling woarstemakker by de woarstemakker waard rubrykskampioen mei de Fryske droege woarst.

Op de nasjonale beurs binne goed 800 produkten kard. De sjuery beoardiele it iten op smaak, uterlik, presintaasje en orizjinaliteit.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)