Weidenaar droegewoarstkampioen

12 mrt 2012 - 12:34
  • Woarstfabryk Weidenaar

Woarstmakker Weidenaar fan Dokkum kin tefreden weromsjen op de alfde noardlike slachtersmanifestaasje yn Zwolle. It famyljebedriuw waard dêr kampioen droege woarst, kampioen fan Fryslân en slachter mei it measte goud mei stjer op syn namme.

Weidenaar is bekend wurden mei droege woarst. Earst siet it bedriuw yn Nijewier en no yn Dokkum. It assortimint is útwreide mei in soad oare woarstsoarten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)