Wei mooglik tiisdei wer iepen

20 nov 2012 - 12:03
  • Plysje yn Aldwâld

De Allemawei yn Aldwâld wurdt mooglik yn de rin fan de middei wer iepensteld foar it ferkear. De wei dêr't de pleats oan stiet fan Jasper S., fertocht fan de moard op Marianne Vaatstra, is sûnt sneintejûn ôfsletten yn ferbân mei spoarûndersyk.

De famylje ferbliuwt op 't heden op in geheim adres bûten Fryslân. De pleats wurdt bewaakt. Neffens de plysje bliuwt dat de kommende tiid sa.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)