Wegerers earmerken erkend

22 nov 2002 - 00:00

Greidboeren dy't beswieren ha tsjin de gele earflappen, hoege by har kij gjin flap oan te bringen. As sy meidogge oan in alternative registraasje foldogge se ek oan de regels. Dat hat it ministearje fan lânbou de boeren mei beswieren witte litten.

Sa'n sechtich boeren binne erkend as gewissebeswierde. Sy moatte foar 15 desimber witte litte oft se meidogge oan de alternative registraasje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)