Weening wit neat fan doping

11 okt 2012 - 11:11
  • Pieter Weening

Pieter Weening is fernuvere oer de berjochten dat de Rabo-ploech in eigen dopingprogramma hie. Ald-hurdfytser Levi Leipheimer hat dat sein yn ferbân mei it grutte ûndersyk nei sânfâldich Tourwinner Lance Armstrong. Dêr is in rapport oer útkaam dêr't Leipheimer de Rabobank yn neamt.

Pieter Weening, yn dy tiid ek lid fan Rabo, distansjearret him fan it ferhaal. 'Dit is foar my nij en ik ha hjir neat mei te krijen. Ik meitsje my der dan ek net drok oer', seit Weening.

De Harkyt wie mar ien seizoen ploeggenoat fan Leipheimer, it jier dat Weening debutearre as prof. Weening: 'Yn totaal ha ik miskien mar fiif kear in koers mei him riden. Ik ha dan ek nea wat fernommen.'

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)