Weening wint Gouden Pijl

07 aug 2013 - 06:28
  • Pieter Weening

Hurdfytser Pieter Weening fan De Harkema is tiisdei winner wurden fan de Gouden Pijl yn Emmen. Weening bleau yn de finale Laurens ten Dam foar. Marcel Kittel wûn de sprint fan it peloton. De Peter van Puttenpriis, in priis foar de meast striidlustige hurdfytser yn de koers, gie nei Bauke Mollema.

De Gouden Pijl waard foar de 36e kear holden. De wedstriid luts tusken de 45 en 50 tûzen taskôgers. Pieter Weening wûn it ôfrûne wykein ek al de Ronde fan Poalen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)