Weening werom op 'e Harkema

30 maaie 2011 - 16:13

Hurdfytser Pieter Weening sjocht tefreden werom op de Giro d'Italia. Nei trije wiken koersen is hy efkes werom op De Harkema. Weening skreau Fryske sportskiednis troch fjouwer dagen yn de rôze liederstrui te riden.

It is noch net wis oft de Rabo-renner nei in jier fan ofwêzigens wer meidocht oan de Tour de France. Weening einige úteinlik as 45ste yn it einklassemint fan de Ronde fan Italië.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)