Weening twad yn klimtiidrit

24 jul 2004 - 17:42

Pieter Weening is sneon twadde wurden yn de klimtiidrit yn de Sachsen Tour. Dizze tiidrit oer 22,8 kilometer nei de Fichtelberg waard wûn troch de Italiaan Davide Rebellin. Rebellin wie earder dit seizoen de bêste yn de wrâldbekerwedstriden Luik-Bastenaken- Luik en de Amstel Gold Race.

Hy wie sneon in dikke minút rapper as de ynwenner fan De Harkema. Sneon is ek it twadde part fan de fjirde etappe. Snein is de lêste etappe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)