Weening sterk by Alpe d'Huez

19 jul 2006 - 10:21

Pieter Weening hat tiisdei yn de Tour de France in wichtige rol spile yn de berchetappe nei de Alpe d'Huez. De Harekyt brocht syn beide kopmannen Michael Boogerd en Denis Mentsjov fan de Raboploech nei de foet fan de Alp. Weening riede dêrmei folslein yn tsjinst fan syn ploech.

Mentsjov waard alfde yn 'e etappe op 2 minut 21 fan 'e Lúksemburger Frank Schleck. Weening kaam as 97ste oer de einstreek.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)