Weening stapt ôf yn Kataloanje

24 maaie 2008 - 09:52
  • Pieter Weening sneon út koers

Hurdfytser Pieter Weening fan De Harkema makket de ronde fan Kataloanje dit wykein net ôf. Hy sil sneon, yn de foarlêste etappe, ôfstappe. Dat hat er besletten nei in petear mei de lieding fan de Rabobankploech.

Neffens Weening hat er noch altyd wat lêst fan de knibbel, mar wol er kommende woansdei wol meidwaan oan de Ronde van België. Om krêften te sparjen stapt er derom ôf yn Spanje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)