Weening sechsde yn Baskelân

06 apr 2013 - 17:30
  • Pieter Weening

Pieter Weening is as sechsde einige yn it einklassemint fan de Ronde fan it Baskelân. De Harkyt kaam sneon yn de ôfslutende tiidrit oer 24 kilometer as njoggende oer de einstreek, op 1 minút en 6 tellen efter de Dútske winner Tony Martin. Martin, de wrâldkampioen tiidriden, klokte in tiid fan 35 minuten en 5 tellen.

De einoerwinning yn de Ronde fan it Baskelân gong ferrassend nei Nairo Quintana. De Kolombiaan einige as twadde yn de tiidrit, op 17 tellen efter Martin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)