Weening sânde yn Kataloanië

24 mrt 2010 - 19:41
  • Pieter Weening stiet 20e yn Ronde Kataloanië

Pieter Weening fan De Harkema is woansdei op in sânde plak einige yn de tredde etappe fan de Ronde fan Kataloanië. De etappe waard wûn troch de Spanjaard Xavier Tondo. Weening siet yn in groepke dat op 1 minút 20 fan de winner oer de einstreek kaam.

Yn it klassemint beset Weening no it tweintichste plak mei in achterstân fan goed oardel minút op de Spaanske lieder Joaquin Rodriguez.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)