Weening posityf troch yn Tour

15 jul 2008 - 20:54
  • Pieter Weening wol oanfalle

Hurdfytser Pieter Weening fan de Rabobankploech is wer fit en sil de oanfal sykje yn de 11e etappe fan de Tour de France. Weening hat yn de earste wike fan de Tour siik west, mar sjocht no optimistysk foarút.

Syn kopman Denis Menchov stiet op it fyfde plak op noch gjin minút ôfstân fan lieder Cadel Evans en sels fytst er mei de dei better. De rit fan woansdei giet troch it middengebergte fan Lannemezan nei Foix en dat jout mooglik kânsen foar in ûntsnapping.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)