Weening op dreef yn klassiker

27 apr 2014 - 17:10
  • Start Luik-Bastenaken-Luik

Hurdfytser Tom-Jelte Slagter fan Nij Beets is sechde wurden yn de Ardennen-klassiker Luik-Bastenaken-Luik. De Australiër Simon Gerrans wûn de rit oer 263 kilometer.

Pieter Weening fan De Harkema spile in wichtige rol by dy oerwinning fan syn ploechmaat Gerrans. Hy moast op it lêst it gat tichtride tusken de groep mei favoriten en in kopgroepke. Bauke Mollema fan Ljouwert waard 15de op 12 sekonden fan de winner.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)