Weening 'ôfbaarnd' op Etna

15 maaie 2011 - 17:17

Pieter Weening hat snein yn de Giro-etappe op Sisilië fan Messina nei de fulkaan de Etna syn rôze liederstrui ferlern. Yn de slotklim op de Etna koe de hurdfytser fan De Harkema net meikomme yn it peleton.

Ut it peloton sprong Alberto Contador fuort, dy't dêrnei as earste boppe-op de Etna oankaam. Dêrmei is de Spanjert de nije lieder yn de Ronde fan Italië. Weening einige op dik seis minuten en stiet no op it 32ste plak yn it algemien klassemint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)