Weening net nei Vuelta

02 aug 2011 - 20:20

Hurdfytser Pieter Weening út De Harkema giet 20 augustus net fan start yn de Vuelta, de Ronde van Spanje. Dat hat hy sein op Omrop Fryslân Radio, by de profronde fan Surhústerfean. Weening seit dat hy it spitich fynt dat hy net selekteard is.

Weening giet nei de profronde fuortendalik yn de auto, nei de start fan de Ronde van Denemarken. Weening hat earder al oanjûn dat hy de Rabobankploech ferlit, omdat hy ta is oan wat nijs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)