Weening nei WK hurdfytsen?

18 sep 2003 - 00:00

It is noch mar de fraach of Pieter Weening fan De Harkema op freed 10 oktober wol starte kin by it WK hurdfytsen foar junioaren yn Kanada. Weening hat lest fan in ûntstutsen pees by de knibbel en kin op it stuit net traine. Weening moat rêst nimme en is ûnder behanneling by in fysioterapeut.

Yn 'e rin fan nije wike moat dúdlik wurde of Weening al as net meidwaan kin oan it WK hurdfytsen. As Weening fit is jildt hy as ien fan 'e favoriten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)