Weening nei GreenEDGE cycling

10 aug 2011 - 10:04

Hurdfytser Pieter Weening fan De Harkema rydt takom jier foar de nije profploech GreenEDGE cycling. De oergong nei it Australyske team hong al yn de loft. Weening giet nei tolve jier fuort by de Rabobank-ploech.

Weening (30) fynt it tiid foar in nije ympuls yn syn karriêre. Syn grutste suksessen by Rabobank wiene it winnen fan in Tour de France etappe yn 2005 en in ritwinst yn de Giro d'Italia fan dit jier. Pieter Weening droech dizze maaitiid 4 dagen de rôze Giro-trui.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)