Weening moat Mentsjov helpe

18 jul 2006 - 09:52

Pieter Weening moat tiisdei yn de swiere etappe nei de Alpe d'Huez yn tsjinst fan kopman Denis Mentsjov ride. De Russyske kopman fan de Raboploech stiet fjirde yn it algemien klassemint.

Weening fielt him frij goed, mar hat wol lêst fan de waarmte yn Frankryk. De Harekyt rydt op it stuit folslein yn tsjinst fan syn ploech. Foar eigen súkses, lykas ferline jier, is op it stuit amper romte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)