Weening mei fertraging nei WK

02 okt 2004 - 12:17

Pieter Weening fan De Harkema hat freed op reis nei it WK-hurdfytsen yn Italië mei de oare leden fan de Nedrlânske ploech in needlâning makke op it fleanfjild fan Frankfurt.

Doe't de piloat it tastel oan de grûn sette woe, wurke it lâningsgestel net goed. Hy moast in trochstart meitsje. Nei in healoere slagge it wol, mar de ploech miste doe de oansluting yn Milaan en kaam pas jûns let yn Verona oan. Snein is it WK dêr oer 265 km.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)