Weening makket seizoen dochs ôf

21 sep 2006 - 12:01

Pieter Weening hat syn operaasje útsteld. De hurdfytser fan De Harkema sil him operearje litte oan in ûntstekking op it sitflak. Dy ûnstekking wurdt ek wol 'de tredde bal' neamd. Hy soe dat earst koart nei de Ronde fan Spanje dwaan, mar hy hat der no foar keazen om it út te stellen oant nei it seizoen.

Hy makket it seizoen no earst ôf, omdat hy gewoan fytse kin. Hy sil yn oktober de Ronde van Lombardije fytse.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)