Weening klimt yn Romandië

01 maaie 2010 - 19:49

Pieter_Weening is yn de fjirde etappe yn de Ronde fan Romandië wer klommen yn it klassemint. Yn de rit oer 157,9 km, mei twa beklimmingen fan de earste kategory, gong de winst nei de Sloveen Simon_Spilak. Hy kaam solo oer de einstreek. Weening hie yn in groepke, mei syn kopman Denis Mentsjov, 22 sekonden langer wurk.

De hurdfytser fan De Harkema stiet no fyftjinde yn it klassemint op 1 minút 14 fan lieder Michael_Rogers. Snein is de lêste berchetappe oer 122 km.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)