Weening klimt plak yn Eastenryk

14 jun 2003 - 00:00

Pieter Weening is nei de fyfde etappe yn 'e Ronde fan Eastenryk ien plakje klommen yn it algemien klassemint. De ynwenner fan 'e Harkema is no njoggende op 2 minút en 17 tellen fan 'e lieder, de Eastenriker Gerrit Glomser.

Yn 'e etappe fan freed - mei 200 km tagelyk ek de langste - einige Weening yn in earste grutte groep. De oerwinning gie nei de Italiaan Matteo Carrara. Sneon is de 6de etappe oer 157 kilometer fan St. Kanzian nei Graz.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)