Weening Hurdfytser fan it Jier

29 nov 2005 - 15:20

Hurdfytser Pieter Weening (24) fan de Harkema is moandei Hurdfytser fan it Jier wurden. Yn Den Bosch hat Weening fan Hein Verbruggen, eare-foarsitter fan de ynternasjonale hurdfytsuny UCI, de Gerrit Schulte/Gouden Spaak yn ûntfangst naam.

Pieter Weening wûn dit jier de achtste etappe yn de Tour de France. Hy fersloech de Dútser Andreas Klöden yn in spannende millimetersprint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)