Weening hurd ûnderút yn Giro

18 maaie 2013 - 17:42
  • Pieter Weening

Hurdfytser Pieter Weening is sneon hurd ûnderút gong yn de 14e etappe fan de Ronde fan Italië. Weening pakte mei in sânkoppige flechtgroep betiid yn de wedstriid in foarsprong op it peloton. Nei de falpartij op de sjippeglêde dyk moast de hurdfytser fan De Harkema de kopgroep gean litte en koe er in top 10 klassearing wol ferjitte. Weening koe de etappe wol útfytse.

De winst gong nei de Italiaan Mauro Santambrogio. Yn de einsprint wûn er fan lângenoat Vincenzo Nibali. Mei it twadde plak fersteviget Nibali syn liedersposysje.

De etappe fan Cervere nei Bardonecchia oer 180 kilometer waard teistere troch de minne waarsomstannichheden en easke de noadige slachtoffers, dy't mei brutsen bonken opjaan moasten. Yn ferbân mei it minne waar is de etappe fan snein oanpast. Yn de 15e etappe wurdt de Col du Mont-Cenis skrast, lykas de finish op de Galibier. Ofrûne nacht is der safolle snie fallen, dat hichtes boppe de 2000 meter te gefaarlik binne. De einstreek fan etappe 15 wurdt ferpleatst nei it 1200 meter legere Valloire.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)