Weening fyfde yn Tour Langkawi

23 feb 2013 - 13:51
  • Pieter Weening

Hurdfytser Pieter Weening fan De Harkema is sneon fyfde wurden yn de tredde etappe fan de Ronde fan Langkawi. De etappe oer 145,5 kilometer yn de Cameron Highlands fan Maleizië waard wûn troch de Sinees Meiyin Wang, dy't solo oer de streek kaam.

Troch de winst nimt Wang de lieding yn it algemien klassemint oer fan Theo Bos. Weening stiet op it achtste plak yn it klassemint. De hurdfytser fan Orica-GreenEDGE hat in efterstân fan rom 3 minuten op de koprinner. Snein stiet de fjirde etappe oer goed 168 kilometer op it programma.

De Ronde fan Langkawi bestiet út 10 etappes, dy't mei-inoar 1469,7 kilometer telle. De tour duorret noch oant en mei sneon 2 maart.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)