Weening folget Tour op tv

01 jul 2013 - 11:45

Pieter Weening is noch altyd de lêste Nederlânske etappewinner yn de Ronde fan Frankryk. Op sneon 9 july 2005 wûn er de achtste etappe. Nei 231 kilometer wie it ferskil mei de Dútser Andreas Klöden op de einstreek yn Gérardmer mei it bleate each net te sjen. Mar Pieter waard nei it besjen fan de foto en de bylden wol útroppen ta winner. Dizze Tour de France docht de ynwenner fan De Harkema net mei. De Friezen Bauke Mollema en Lieuwe Westra fytse wol mei. Pieter Weening begjint sneon 27 july oan de Ronde fan Poalen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)