Weening foarearst net nei WK

07 sep 2006 - 09:24

Hurdfytser Pieter Weening fan 'e Harkema sit foarearst net by de seleksje foar it WK yn Salzburg. Bûnscoach Egon van Kessel moat noch wol twa hurdfytsers selektearje, dus is der noch wol kâns dat Weening meidocht.

Opfallend is dat Maarten Tjallingii, berne yn Ljouwert, wol by de seleksje sit. Hy rydt op dit stuit foar Skil- Shimano, in ploech dy't net oan de ProTour-wedstriden meidocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)