Weening fjirde yn 'Murcia'

06 mrt 2005 - 16:52

Pieter Weening fan De Harkema hat him yn de fjirde etappe fan de Ronde fan Murcia goed sjen litten. Yn dizze 'keninginnerit' dy't nei goed 152 kilometer berchop einige, waard er fjirde. Weening hie in achterstân fan 1 minút en 8 tellen op de Spanjaard Pedro Arreitunandia.

Yn it algemien klassemint is Weening achtste. De Spanjaard Koldo Gil is de lieder, krapoan twa minuten foar Weening. Snein is de lêste etappe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)