Weening finisht yn peloton

18 sep 2004 - 13:27

Pieter Weening is yn de 13e etappe yn de ronde fan Spanje, de Vuelta, einige yn it grutte peloton. De oerwinning nei in ridlik flakke rit oer 172 kilometer wie foar de Italiaan Alessandro Petacchi. It wie al syn fjirde winst.

Yn it algemien klassemint stiet Weening no op it 72ste plak, op krekt mear as in oere fan Heras. Sneon is der in etappe mei in pear bergen, snein folget in drege klimtiidrit oer krapoan 30 kilometer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)