Weening falt oan yn Baskelân

06 apr 2005 - 10:35

Pieter Weening fan De Harkema spile tiisdei in haadrol yn 'e twadde etappe fan 'e Ronde fan Baskelân. Weening demarrearde knap oan 'e foet fan La Lejana, de lêste berch fan 'e etappe. Weening wist syn foarspronkje út te bouwen oant op syn meast 18 tellen.

It like der even op dat Weening de etappe winne soe, mar 500 meter foar de einstreek waard de Harekiet dochs noch ynhelle. De etappewinst gie no nei de Frânsman David Moncoutié.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)