Weening en Stroetinga winne

30 apr 2013 - 20:00
  • Andries Weening

Andries Weening hat tiisdei de Keninginneronde fan Beilen wûn. De hurdfytser fan De Harkema wie nei 80 kilometer rapper as Dokkumer Sierk-Jan de Haan. Germen Warmink fan Gasselternijveen waard tredde.

Wim Stroetinga wûn de 50e Ronde fan Enkhuzen. De âld-ynwenner fan Aldeberkeap bleau Rick van Breda út Den Helder en Koos Jeroen Kers fan Amstelveen foar. Harry Sweering fan Snits waard fjirde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)