Weening en Beima op dreef

11 jun 2008 - 20:32
  • Pieter Weening rydt yn Frankryk
  • Marcel Beima rydt yn Spanje

Pieter_Weening hat yn de tredde etappe fan de Dauphiné_Libéré, in tiidrit oer 31 kilometer, syn foarm sjen litten. De ynwenner fan De_Harkema waard 29ste op hast trije minuten fan winner Alejandro_Valverde. De kommende dagen yn de bergen moat Weening sjen litte dat er klear is foar de Tour_de_France.

Marcel_ Beima fan Hurdegaryp waard yn de earste etappe fan it Circuito Montanes sechsde. Syn ploechmaat Lars_Boom wûn de earste etappe en is de earste lieder yn it klassemint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)