Weening belangryk foar S'fean

17 maaie 2011 - 07:34
  • Pieter Weening

De organisaasje fan de profronde fan Surhústerfean sil der dit jier alles oan dwaan om Pieter Weening oan de start te krijen. De Harrekyt hat tidens de Giro d'Italia fjouwer etappes yn de rôze trui riden. Dêrom fynt de organisaasje it tige wichtich om Weening oan de start te krijen.

Nei oanlieding fan fjochtpartijen nei de profronde hat de organisaasje besletten him allinnich te rjochtsjen op it sportevenemint en gjin omtinken te jaan oan de slaanderij.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)