Weening al op 2 minuten riden

05 sep 2004 - 17:00

Foar Pieter Weening fan De Harkema is it grutte aventoer fan De Vuelta net geweldich begûn. Yn de earste etappe - in ploegetiidrit oer 27,7 kilometer yn en om Leon - einige de Rabobankploech mei Weening op it foarlêste plak. De achterstân op de winnende US Postals wie 2 minuten en 16 tellen. Fan 'e ploech fan Pieter koene fjouwer fytsers it tempo yn 'e tiidrit net byhâlde.

Pieter stiet yn it klassemint no 143ste op 2'16" fan 'e Amerikaan Floyd Landis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)