Weening achtste op WK-hurdfytsen

11 okt 2003 - 00:00

Pieter Weening fan De Harkema waard freed achtste op it wrâldkampioenskip hurdfytsen foar jonges oant 23 jier yn it Kanadeeske Hamilton. De oerwinning wie foar de sterke Sergei Lagoetin út Oezbekistan. Hy wie de rapste yn de einsprint fan in kopgroep fan njoggen man. It peloton kaam njoggen sekonden letter oer de streek.

Ald Nederlânsk-kampioen Pieter Weening (22) makket no de oerstap nei de grutte profploech fan de Rabobank.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)